Drukwurk



Letter nei letter, wurd foar wurd en sin op sin
wurdt de taal tinkendewei oanset ta ferhalen
om it gesicht fan de ferbylding út te dragen.

Karakters, tekens en symboalen sette de toan,
wylst it kaaiboerd mei oanslaggen it gewicht
yn wjerspegeling set om it each te behagen.

Dan ferdjipje yndrukken fan Kapitalen de lagen,
omdat it foarfielen fan it skrift yn de fingers sit.