hannen thús

Tink der om, mochtst nergens oankomme! Sûnder tastimming is it ferbean om mar in finger út te stekken. Hannen thús en de ferlieding ûnderdrukke, dat is de baas. Hast dy mar yn te hâlden. Regels binne betocht om de mins stjoer te jaan, wetten om de ferbrekkers yn de stringen te hâlden en sanksjes binne as ôflear net om 'e nocht ynfierd, boppedat beskermje se it systeem.
Stikem al even ergens mei de klauwen oansitte? Fiele hoe't in ferbeane frucht yn 'e hân leit? Tajaan oan de ferlokking? Net dwaan! It moat net, it mei net en it kin net. Wa't net om lyk wol sil it witte. Tink om de konsekwinsjes.

Mar toe mar, wa kin it bytiden net litte? Wa hat himsels net altiten yn 'e hân? Want it is in toer. It is in keunst. En it is in straf. Dan jokje de fingers der geregeld oer. Dan is it in striid tsjin de ferlieding en in gefjocht mei de opspyljende driuw. In drift dy’t kwealik del te bêdzjen is. Dat skrynt as in smetlape en stekt as sâlt yn in iepen wûne. Men moat sterk wêze! Inkeld de sterksten stean de besiking. Of binne dat krekt de skiters? Binne dat de lefferts? De stikemerts dy't allinnich wat doare at gjinien sjocht? De blasten dy’t krekt mei sin har fingers baarne wolle om mei reade earen en in gleone holle oan har gerak te kommen? Tink der mar om, se binne warskôge!